De sopstien
In reisber keapmantsje hie toarst berûn. Hy gong by in pleats oan en frege om wat wetter. Mar de boerinne wie sa fûlfrettende gjirrich, sels in mûlfol drinken joech se net sa mar wei. Doe fertelde dy man har, hy kaam út in fier lân en dêr hie er in sopstien mei wei nommen. De boerinne stiek de earen op. In sopstien? Noait fan heard. Wel, dêr koe men it alderlekkerste sop fan siede, en it moaiste wie fansels: sa’n stien fersea net, dy koe men hyltyd mar wer brûke. ‘Mar ja’, sei de man, ‘jo kinne wol begripe, sa’n kostlike sopstien jou ik net wei foar in mûltsjefol drinken’. Doe waarden se it iens. De keapman krige in skoander miel iten en de frou mocht de sopstien ien kear brûke. De keapman soe har sjen litte, hoe’t se der lekker sop fan siede koe
 
In grutte pot mei wetter kaam oer ‘t fjoer en dêr waard de sopstien yn dien. It wetter rekke oan ‘e soad. De man snúfde sa no en dan en sei: ‘No, it giet mar bêst, it sop begjint al te rûken’. Nei in setsje ornearre er: ‘Mar as wy it hielendal goed ha wolle, dan moat der in lyts tûfke piterseelje yn’. De boerinne helle in tûfke piterseelje út ‘e tún. De man snúfde noch ris. ‘Wat lekker, net’, sei er, ‘as sok sop begjint te rûken!’ Hy makke in praatsje mei de boerinne en kaam al gau oan ‘e weet, hoe’t se sop it lekkerst fûn. ‘Ja’, sei er, ‘it wurdt wol lekker sop mei sa’n sopstien der yn, mar it moast eigentlik noch wat mear neffens jo smaak makke wurde, boerinne. Ik soe sizze, der moatte ek mar in pear sipels by’. De boerinne soarge foar sipels. In pear farske woartels der yn fûn se ek altyd lekker. ‘Ei no’, sei de man, ‘dat let ek neat – dan dogge wy der in woarteltsje foar jo by’. Dat de boerinne dûkte wer yn ‘e tún en kaam mei in boskje farske woarteltsjes werom. Sa gong dat troch – it iene nei it oare bedarre yn ‘e pot, want ja, men moast rekken hâlde mei de boerinne har smaak. En it begûn wat langer wat lekkerder te rûken.
 
Op ‘t lêst sei de frou: ‘Sjoch, wy binne boereminsken en wy hâlde fan ryklik fet iten. Der sil wol net folle fet út sa’n sopstien komme, en sop moat nei myn smaak knap eagelje’. ‘Ik rekkenje, jo sille wol spek yn ‘e hûs ha’, tocht de man. De boerinne gong nei it spekhok en feegde omraak yn it spek.
Sa rekke it spul dan klear en de boerinne hie noch noait sok lekker sop hân. De keapman ferkocht har de sopstien en barde der in moaie sint foar. De boerinne hat lang genot fan har sopstien hân. En it measte genot hie se, wannear’t se it sop aardich by har eigen smaak oanpaste.
 
 
 
Dit sprookje kent een wijde verspreiding in Europa, en staat als type in de internationale catalogus van Aarne & Thompson geregistreerd als AT 1548, The Soup-stone. Volgens de catalogus is het verhaal in de mondelinge overlevering vooral gevonden in Scandinavië en Oost-Europa. Niettemin blijken er ook drie versies in Friesland te zijn opgetekend. Er is er slechts eentje gepubliceerd en wel in: Ype Poortinga: It gouden skaakspul. Folksferhalen fan Steven de Bruin. Baarn 1980, p.174-175.
 
Uit: De Volksverhalenalmanak op www.beleven.org